Ingelsk kitesurfboard spielt oan op Skylge

Kitesurfe © Omrop Fryslân
In opfallende fynst op Skylge dit wykein. Dêr waard it kiteboard fan in Ingelske kitesurfer fûn. Surfer Jay Wijeratne ferlear syn board twa moanne lyn by it Ingelske Norfolk, sa skriuwt de NOS.
Wijeratne besocht syn board noch te finen. Mar om't it wetter tige kâld wie, koe er net al te lang sykje. De surfer hat noch wachte oan de kust yn de hope dat it board oanspiele soe. Dat barde net. It board is folslein de oare kant út dreaun en kaam úteinlik by Skylge oan wâl. Of 'Tursjeling' sa't Wijeratne it eilân neamt.
De Brit is no dwaande om in trip nei Skylge te organisearjen, om hjir syn board op te heljen en fuortendalik ek in stikje te kitesurfen op de Fryske Noardsee.