UNIS Flyers op eigen iis wer ûnderút tsjin Tilburg

De UNIS Flyers ha de tredde wedstriid om it kampioenskip fan Nederlân ferlern. Op it eigen iis fan Thialf wie Destil Trappers Tilburg krekt as yn de earste wedstriid te sterk. De ploech út Brabân wûn mei 5-1. Levi Houkes sette de thúsploech yn de earste perioade noch wol op foarsprong, mar dêrnei wiene der allinnich noch goals fan Tilburg. De perioadestannen: 1-1, 0-2 en 0-2.
Snein is de fjirde wedstriid yn Tilburg. De ploech dy't it earst fjouwer kear wint is kampioen. Tilburg hat no twa kear wûn, de Flyers ien kear.