Stêd en doarp yn Súdwest-Fryslân moat boel sels grien hâlde

© Omrop Fryslân, Eduard Rekker
Steds-, doarps- en wykbelangen yn de gemeente Súdwest-Fryslân krije dit jier elk 1500 euro foar de oanskaf fan blombakken en planten. No is de gemeente noch foar in grut part ferantwurdlik foar it ûnderhâld fan dik hûndert blombakken.
De doarpen, stêden of wiken kinne dy fergees oernimme en se kinne der ek guon by krije. Ynwenners moatte sels soargje foar it ûnderhâlden fan de bakken. Dogge se dat net, dan hellet de gemeente se takom jier fuort.