Nije ynnovative kassen iepene by Berltsum

5,5 bunder oan sûn snobbersguod. Dat is te finen yn de nije kassen yn Berltsum. De kassen waarden freed offisjeel en feestlik iepene. Der is perspektyf foar de glêstúnbou, as se ynnovatyf binne. Dat seit boargemaster Tom van Mourik fan Menameradiel, dy't ek by de iepening wie.
De iepening is feest foar de famylje Van Overbeek. Nei in jier bouwen wurdt de nije kas offisjeel iepene. Ien fan de saken dêr't bot op ynset is, is de duorsume kas. De kas hat in spesjaal dak, dy't it sinneljocht better ferspriedt, en spesjale isolaasje.