18-jierre jonge ferstoarn by ûngelok Steggerda

Op de Westvierdeparten by Steggerda is freedtemoarn in autobestjoerder ferstoarn by in iensidich ûngelok. It giet om in 18-jierrige jonge út Noardwâlde. It slachtoffer wie mei syn auto op in beam botst.
Foarbygongers seagen de auto en hawwe de plysje belle. De helptsjinsten hawwe noch besocht de jonge te rêden, mar dy is op it plak fan it ûngelok ferstoarn. De auto fan it slachtoffer wie folslein om de beam hinne teard.