Kleanbank Snits moat op syk nei nije lokaasje

De Snitser kleanbank 'Snekerhoek' moat sa gau mooglik op syk nei in nije lokaasje. Op dit stuit wurde de klean útsutele fanút it wenhûs fan inisjatyfnimmer Elisabeth Leks. Wenningkorporaasje Elkien wol dat net langer lije. Der binne klachten kaam oer oerlêst út de buert. Leks begrypt dêr neat fan. Sy wennet noch mar krekt yn har nije hûs oan de Gabbemastrjitte en hat dêr noch gjin klanten oer de flier hân.
Dochs wol Elkien dat se op syk giet nei in nije lokaasje. Sa hat Leks ek in garaazjeboks dy't se neffens Elkien brûke kin.
Leks fynt de garaazjeboks te damp foar de klean, en sadwaande sit se mei de hannen yn it hier, want in oare lokaasje liket op it stuit net foarhannen. De kleanbank is begûn mei in hantekenaksje om te besykjen Elkien op oare gedachten te bringen. Yn oardel dei tiid hawwe al mear as 250 minsken dy ûndertekene.