Amerikaanske komediant Greg Shapiro oer Fryske tradysjes
'How to be Frisian', de kabaretshow fan de Amerikaanske komediant Greg Shapiro is tiisdeitejûn yn Amsterdam yn premjêre gien. Shapiro komt fan Chicago, mar wennet al mear as tweintich jier yn Nederlân.
Yn syn show kamen ûnder oare Fryske tradysjes as it ljipaaisykjen, fierljeppen, keatsen en reedriden wiidweidich oan de oarder. Besikers koenen nei ôfrin fan de show yn 'e kunde komme mei bearenburch, skûtsjesile en Fryske bedriuwen lykas Westcord Hotels en it WTC Expo. Shapiro spruts earder promoasjefilmkes yn foar Beleef Friesland.
Ta einbeslút liet Shapiro sjen dat er in Frysk ynboargeringseksamen meitsje kin. Dat bestiet fansels net, mar neffens Shapiro soe dat wol moatte. 'How to be Frisian' is de kommende moannen noch yn Den Bosch en Swolle te besjen. Op 21 maaie komt Shapiro nei Ljouwert yn stedsskouboarch De Harmonie.
Neist grapkes oer de stereotype Fries, nuchter en koppich, kamen besikers ek mear te witten oer Fryske bedriuwen as Dairy Campus en wettercampus.