Fjouwer ton oan bitcoins fersulvere yn himpsaak

Bitcoin © ANP
Trije minsken binne ferline wike oanhâlden yn in ûndersyk nei himptylt en it omruiljen fan bitcoins foar jild. Twa fan harren soene foar mear as fjouwer ton oan bitcoins fersulvere hawwe. Der is in himpkwekerij oprôle en der binne twa wapens, sieraden en yn beslach naam.
De plysje hie in tip krigen oer in himpkwekerij yn in hûs oan it Keatslân yn Snits en die dêr in ynfal. Dêr waarden twa minsken oanhâlden. Yn in oar hûs waard in tredde fertochte oppakt. De plysje siket noch út hoe't se oan it firtuele jild kaam binne.