Duorsum kennissintrum yn Ljouwert

Op de ROC Friese Poort yn Ljouwert is freed in nij 'Sintrum Duorsum' iepene. Dit sintrum is koartsein in praktyk- en kennissintrum foar duorsume technyk. It is in plak dêr't studinten fan de oplieding bou of technyk har ûntwikkelje kinne op it mêd fan duorsumens. Dizze fasiliteiten moatte de studinten klearstome foar it wurkjen yn de praktyk. Ek bedriuwen kinne mekoar hjir moetsje. Yn it sintrum binne in ynnovaasjewurkplak, in DuorsumDwaan-hûs en in konferinsjeseal dêr't regelmjittich lêzingen hâlden wurde.