Wichtige mitselwedstryd yn Ljouwert

In spannende dei foar tsien jonge mitselers tongersdei. Sy dogge mei oan de earste regionale foarronde fan it NK-mitseljen. De wedstryd bestiet tongersdei út it meitsjen fan in siermuorre. Der wurdt sjoen nei de kwaliteit fan de muorre, mar ek nei de ynstelling en motivaasje fan de mitselers. Dizze wedstryd is tige wichtich foar de mitselsektor.
Krekt yn in tiid dat de bou yn in behoarlike krisis sit, en yn in tiid dat hieltyd minder jongeren foar technyk kieze kinne jo de jeugd krekt yn sa'n wedstryd motivearje foar it berop.