Live ferslach: dei 3 fan rjochtsaak tsjin gangsterduo

Antonio van der P. en Enise B. © Plysje Noard-Nederlân
Yn de rjochtbank fan Assen is woansdei de tredde dei fan de rjochtsaak tsjin it gangsterduo Antonio van der P. fan De Harkema en syn freondinne Enise B. Yn de saak komme woansdei de slachtoffers oan it wurd. Ferskate slachtoffers meitsje gebrûk fan harren sprekrjocht.
It duo wurdt fertocht fan in rôftocht yn it noarden en it easten fan Nederlân, mei ôfparsing, bedriging, stellerij mei geweld, besykjen ta deaslach en moard. Se waarden nei in klopjacht oppakt yn Dútslân. Yn de media waard it duo al gau de Nederlânske Bonnie en Clyde neamd.
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust folget de saak de hiele dei en docht ferslach live op Twitter.