Nije simulator foar Maritime Akademy Harns

De Maritime Akademy yn Harns krijt in hypermoderne simulator foar syn binnenfeartopliedings. De Full Mission Binnenvaartssimulator makket it mooglik om net allinnich de binnenkant fan it skip firtueel nei te meitsjen, mar ek alles wat der bûten bart. Dan giet it bygelyks oer brêgen en havens. Dêrmei kinne de studinten harren folle better tariede op hoe't it der yn it echt oan ta giet yn de binnenfeart.
De stimulator is pas de twadde fan Europa en kostet goed 850.000 euro. De provinsje Fryslân draacht dêr 180.000 euro oan by.