Soad geweld brûkt by oanhâlding 'gangsterduo'

© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Antonio van der P. fan De Harkema en Enise B. sizze dat der in soad geweld tsjin harren brûkt is, doe't se ferline jier febrewaris by Enschede op in kamping trapearre waarden. It gangsterduo hie der doe al in streuptocht troch Nederlân op sitten. Se brutsen yn by in karavan om dêr te oernachtsjen. Se waarden trappearre troch oare gasten.
Om oan harren belagers te ûntkommen, skeat Van der P. ien fan harren yn it boarst. Dat ferklearre it duo, bekend as Bonnie en Clyde, tiisdei foar de rjochtbank yn Assen.
Van der P. en B. naaiden út, mar waarden letter yn Dútslân oanhâlden.
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust folget de saak de hiele dei en docht ferslach live op Twitter.