Boargerinisjatyf tsjin de jacht yn Fryslân

Jager op 'en paad foar de jacht © ANP
In groep tsjinstanners fan de jacht freget de provinsje Fryslân om de jacht te ferbieden. Mei dit doel foar eagen is de groep in boargerinisjatyf begûn. Neffens de inisjatyfnimmers stiet yn de nije Wet Natuerbeskerming dat provinsjes tenei foar de jacht ferantwurdlik binne.
De groep tsjinstanners tinkt dat der yn de praktyk neat feroarje sil en docht dêrom in berop op de provinsje om maatregels te nimmen.