Snits op syk nei namme foar fjild

Gemeente Súdwest-Fryslân is op syk nei in nije namme foar it gersfjild njonken it Thomashûs yn de wyk Sperkhem-Túndoarp yn Snits. Sûnt de jierren '20 wurde der yn dizze wyk nammen keazen dy't te krijen hawwe mei it keningshûs. De nije namme foar it gersfjild moat dêrom te krijen hawwe mei de ynhuldiging fan kening Willem-Alexander. Ynwenners kinne harren idee nei de gemeente stjoere. Op Keningsdei wurdt de winner bekend makke.