Margot Boer hâldt mooglik op mei reedriden

Margot Boer © awfoto.nl
Reedrydster Margot Boer út Goaiïngaryp twivelet oft se nei it WK sprint fan dit wykein har karriêre noch trochsette sil. Boer is mei wat stúdzjes úteinset om te sjen wat sy leuk fynt. Boer hie ferline jier in topseizoen, mei twa brûnzen medaljes op de Olympyske Spelen. Oan it begjin fan dit seizoen hie se har dêrom foarnaam om nei dizze winter op te hâlden. Mar dit seizoen hat se safolle enerzjy krigen dat se wer twivelet oer dizze beslissing.
Boppedat ferrûnen de ôfrûne toernoaien net optimaal en wol Boer it leafst ôfskied nimme mei in topprestaasje.