Gemeente SWF op 'e fingers tikke om húshâldlike help

Thússoarchmeiwurkster
De gemeente Súdwest-Fryslân is op de fingers tikke om't it de húshâldlike help fan in frou út Koudum werombrocht hie fan 3 oeren nei 1 oere yn 'e wike. De frou hie beswier makke by de rjochtbank en dy hat har gelyk jûn. Neffens de rjochter kin de gemeente net goed útlizze wêrom't de frou mei minder help ta kin, om't der sûnt 1 jannewaris neat oan har sitewaasje feroare is. De frou wennet tegearre mei har man yn in senioarewente. Beide hawwe medyske problemen en kinne dêrtroch de swiere húshâldlike taken net sels dwaan.