Ljouwerter (25) oanholden foar mishanneling en oantaasting

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat woansdeitejûn in 25-jierrige man út Ljouwert oanholden op fertinking fan mishanneling en oantaasting fan in 16-jierrich famke. De man hie it famke earder op de jûn lestich fallen.
By syn oanhâlding fersette de Ljouwerter him fûl en flibe er in plysjeman yn it gesicht. De man sit foar fierder ûndersyk fêst op it plysjeburo.