Ljouwert yn de ban fan strjitrôven
In 13-jierrige jonge is woansdeitejûn op it Hoeksterpaad yn Ljouwert fan syn mobyltsje en fyts berôve. De dieder spruts de jonge en in freon oan en sei dat se harren telefoans ôfjaan moasten. Beide jonges seine dat se gjin telefoan hiene. Dêrop socht de man yn de bûsen fan de jonges en pakte fan ien de telefoan en fyts ôf.
De plysje hat in boargernetaksje opstart, mar dat hat noch neat opsmiten. De dieder is in donkere man fan sa'n 20 jier. De plysje tinkt dat it om deselde man giet dy't yn de ôfrûne wiken al oan 18 strjitrôven skuldich is.
De fertochte is meastentiids allinnich, mar hat somtiden help fan in twadde fertochte.