"Winterstop fuotbal moat langer"

De KNVB moat de winterstop ferlinge. Der moatte oant maart gjin wedstriden pland wurde. Mei dy oprop komt Chris Alkema, hy is trainer by SC Frjentsjer. Neffens him is it waar yn jannewaris en febrewaris te wikselfallich. Boppedat binne in soad minsken mei fakânsje en is it dêrtroch dreech om in team op te stellen. Fuotballers en leafhawwers wurde frege om in petysje te ûndertekenjen foar dit inisjatyf.