Stichting foar heechbegaafden yn Dokkum bliuwt bestean

De Burgerskoalle yn Dokkum © Omrop Fryslân
De Burgerskoalle yn Dokkum hâldt ûnderwiis foar heechbegaafde bern. Dizze wike spruts de rjochtbank yn Utrecht it fallisemint út fan de Leonardo Stichting. Dizze stichting is ferantwurdlik foar de lespakketten. Mar yn Dokkum bestiet al jierren in selsstannige stipestichting. Dizze kin gewoan trochwurkje, seit ponghâlder Gerard Visser.
Wol bestienen op de Burgerskoalle al langer soargen oer it ûnderwiis foar heechbegaafden, mar dat hat te krijen mei de problemen dy't âlden hawwe mei de lieding fan skoallekoepel Roobol.
Dêr is yntusken in ûnôfhinklik ûndersyk nei opstarten. Dat is nei ferwachting begjin april klear.