"Mûzepleach yn Súdwesthoeke hat syn hichtepunt hân"

De mûzepleach is sa goed as oer yn it Fryske Marregebiet, want it oantal fjildmûzen sit no yn de saneamde 'crash fase'. Dat seit Ben Koks fan wurkgroep 'De Grauwe Kiekendief'. Hy docht al sûnt begjin jierren '90 ûndersyk nei de fjildmûs en komt no troch de mûzepleach in soad yn it Fryske Marregebiet. Hy hat de lêste dagen in soad mûzeholtsjes bemeunstere en yn de measte sitte gjin mûzen mear.
Mûzepleagen ferrinne ek middels it patroan dat je no yn it fjild sjogge, seit hy. Neffens Koks sit it oantal fjildmûzen no yn in frije fal.
It tal fûgels dat sljocht is op mûzen nimt ek ôf, útsein inkele soarten lykas de fjildûle. Koks hat foaral sjoen yn de omjouwing fan Wâldsein, Heech en Langwar.