Drachtster mei drugs oppakt

Himp © Omrop Fryslân
In 18-jierrige man út Drachten is tiisdeitejûn oanhâlden om't er drugs by him hie. Plysjes seagen in groepke jongerein stean op it Torenplein yn Surhústerfean. Doe't sy nei de groep tarûnen, rûkten se in sterke lucht fan softdrugs en kontrolearren se de jonges. De Drachtster hie de drugs by him en hy hie ek in fleske GHB by him. De drugs binne yn beslach naam. Hy hat in proses-ferbaal krigen.