Direkteur mei pensjoen keapet eigen bedriuw

It bedriuw Cenes Interieurbou yn Drachten hat sûnt koart in bysûndere nije direkteur en eigener. Jeen Veenstra ferkocht syn bedriuw yn 2011 om mei pensjoen te gean, mar is no alwer werom. Op 67-jierrige leeftiid hat er it bedriuw wer oernaam, nei't it ein ferline jier fallyt gie. De 20 meiwurkers fan it bedriuw drigen harren baan kwyt te reitsjen en dat gie Veenstra oan it hert.
Om it bedriuw oer te nimmen, moasten wol de fiere reizen ôfsein wurde dy't al boekt wiene. Veenstra hopet it bedriuw oer in pear jier oer te dwaan oan syn soan.