Frou yn Harns slein en skopt wylst se op strjitte lei

© Omrop Fryslân
In 24-jierrige frou út Harns is it ôfrûne wykein mishannele op de Grote Bredeplaats yn har wenplak. It slachtoffer waard yn de nacht fan sneon op snein slein en skopt, wylst se op strjitte lei. De dieder is útnaaid. De frou hie earder rûzje mei de man krigen, neidat er in ferfelende opmerking oer har makke.
De fertochte is útnaaid yn in donkere auto. De plysje siket tsjûgen fan de mishanneling.