Agressive swartrider bespuit en byt NS-personiel

© Screenshot Dumpert.nl
Op it stasjon fan It Hearrenfean is snein in flybkjende en bitende swartrider oanhâlden. De 31-jierrige man út Assen wie by in kontrôle trappearre, omdat er earder net útcheckt hie. De kondukteur frege him om op it stasjon op It Hearrenfean dochs noch út te checken. Dat woe net, om't de man te min saldo op 'e kaart hie. Doe't NS-meiwurkers him dêrop it advys joegen de kaart op te laden, waard de Assener lulk. Hy spuide op in meiwurker en biet in oar.
De man is oanhâlden troch de kondukteurs en treinpassazjiers. Dêrnei is er oerdroegen oan de plysje dy't him ferheard hat.