Plysje siket bylden fuotbalrellen nei Hearrenfean-Grins

De plysje is op syk nei minsken dy't foto's of filmkes hawwe fan de slaanderij nei de fuotbalwedstriid SC Hearrefean-FC Grins. Sa'n fyftich supporters giene snein mei-elkoar op de fûst yn it sintrum fan Hearrenfean.
By de fjochterij rekken trije supporters ferwûne. Twa fan harren hiene stekwûnen en ien wie ferwûne oan de holle. Nei behanneling yn it sikehûs koenen de slachtoffers wer nei hûs ta.
Update: Fuortendaliks nei de fjochterij hat de plysje mei speurhûnen socht nei stekwapens. Der is ek in buertûndersyk hâlden. Uteinlik binne fjouwer Grinssupporters oanhâlden. It giet om twa ynwenners fan Grins fan 25 en 30 jier, in 30-jierrige man út Hoogezand en in man fan 41 jjier út Delfsyl. Sy wurde fertocht fan besykjen ta deaslach, it brûken fan geweld en swiere mishanneling. De plysje slút mear arrestaasjes net út.