Opfarrenden sonken kotter rêden troch baggerskip

Noardseestrân © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Trije opfarrenden fan de sonken kotter Kristina binne woansdeitejûn feilich werom yn de haven fan Harns brocht troch it baggerskip Reimerswaal. De kotter sonk woansdeitemoarn op de Noardsee, 45 kilometer boppe Skylge. De trije opfarrenden koenen rêden wurde troch it baggerskip út Goes. Hoe't de kotter sinke koe, is noch net bekend.