Mei biolooch Freek Vonk op aventoer yn De Alde Feanen

Besikers fan Nasjonaal Park De Alde Feanen kinne dizze simmer mei de populêre biolooch Freek Vonk de natoer ûntdekke. Yn it ramt fan it projekt Booming Business wurdt der in podcast ûntwikkele, wêryn't Vonk fertelt wat er allegear sjocht, heart, fielt en rûkt. De biolooch nimt de besikers mei it wetter op, en lit de ferskate bist- en platesoarten sjen.
Tongersdei is de bekende biolooch fan televyzje yn Earnewâld om de opnames foar de podcast te meitsjen.