Provinsje ropt op: 'Stemmen is zo gedaan'

'Stemmen is zo gedaan'. It kin yn 18,3 sekonden. Mei dy kampanje wol de provinsje besykje safolle mooglik minsken op 18 maart nei de stimbus te krijen. Dan kin der stimd wurde foar provinsjale steaten en foar it nije algemien bestjoer fan it Wetterskip Fryslân. Alle partijen hoopje sa mear minsken nei de stimbus te krijen as fjouwer jier lyn. Doe lei it opkomstsifer op sa'n 58%.
Op de webside www.stemmeniszogedaan.nl stean alle partijen en de programma's. Fierder is dêr ynformaasje te finen oer wat de provinsje krekt docht.