NVWA nimt bisten yn beslach yn Makkingea

Jongfee © Omrop Fryslân
By in bedriuw yn Makkingea is ferline wike in tal bisten yn beslach naam. De Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA) hat dat dien omdat de eigener der net goed foar soarge. De bisten binne op in oar adres ûnderbrocht om dêr op te knappen. Der wurdt noch besjoen oft se dêrnei werom kinne.
De Voedsel en Warenautoriteit hat it bedriuw ek advizen jûn oer hoe't de sitewaasje ferbettere wurde kin.