Kade Nije Willemshaven hat gjin grutte mankeminten

De haven fan Harns © Omrop Fryslân
De 83 jier âlde kade fan de Nije Willemshaven yn Harns hat gjin grutte mankeminten, seit de gemeente. Dy hat de konstruksje fan de kade ferline wike kontrolearre. Dat is dien troch personiel yn kano's. Foar gruttere boaten is ûnder it bouwurk gjin romte.
De ynspeksje is dien as tarieding op de grutte renovaasje fan de kade yn 2017. De renovaasje wurdt dien mei it each op grutte cruiseskippen dy't yn de takomst oan de Willemskade oanlizze moatte.