Poepjes: Undersyk nei ûnderbetelling bou duorret twa moanne

It provinsjale ûndersyk nei de mooglike ûnderbetelling fan bûtenlânske wurknimmers fan de Sintrale As en it akwadukt by it Drachtsterplein kostet seker twa moannen. Dat seit Deputearre Poepjes nei oanlieding fan it petear dat de provinsje moandei hân hat mei fakbûn FNV. Benammen it juridyske part fan it ûndersyk kostet in soad tiid. Poepjes wol soarchfâldich te wurk gean yn it belang fan de wierheid, sa seit se.
Fakbûn FNV gie moandei by de beide wurkplakken del om mei alle wurknimmers te praten oer it probleem.
Neffens Masja Zwart fan de FNV-ôfdieling Handhaving & Naleving ûndertekenen alle oansprutsen meiwurkers de FNV-petysje oer 'Gelikens lean foar gelikens wurk'. Om in flotte kommunikaasje mooglik te meitsjen hie de FNV-delegaasje ek pamfletten by harren yn it Dútsk en Poalsk. Oannimmer Heijmans woe moandei net reagearje op it ferhaal fan FNV Bouw.