Oanhâlden foar iepensteande boete of selstraf

© ANP XTRA
De plysje yn Drachten hat apart faninoar twa manlju oanhâlden dy't noch boetes of in selstraf iepen te stean hiene. In 40-jierrige Drachtster moast noch tweintich dagen de sel yn. Hy is nei syn oanhâlding daliks fêstset. In 35-jierrige man út Houtigehage hie noch in boete fan 1400 euro iepen te stean. Om't de man net betelje koe, is hy ek fêstset.