Flyers yn eigen hûs mei 5-2 ûnderút tsjin Tilburch

Op Thialf rûnen de Flyers sneon tsjin it earste kompetysjeferlies oan. Fia de perioadestannen 0-0, 0-3 en 2-2 gie de winst mei 2-5 nei Tilburch.
De Flyers bliuwe wol koprinner en gean as bêste de play-offs yn. Tilburch is twadde. Ein maart is de finale fan de play-offs.
Flyersfoarsitter Henk Hoekstra hat sneon de hiele dei yn Dútslân fergadere mei de Dútske iishockeybûn. It liket sa goed as wis dat sawol Tilburch as de Flyers takom seizoen yn de Dútske kompetysje útkomme sille.