Boek oer alle wedstriden tusken SC Cambuur en SC Hearrenfean
Der komt in boek oer de Fryske derby. Dêryn wurde alle wedstriden tusken Cambuur en SC Hearrenfean beskreaun. Der komme ferhalen en anekdoates yn te stean en der is romte foar statistiken en kwoots fan pommeranten. De earste wedstryd tusken SC Hearrenfean en Cambuur wie yn it seizoen 1964-1965. De lêste wedstryd dy't behannele wurdt, is dy fan dizze snein.
It boek krijt twa foarkanten. De thúswedstriden fan SC Hearrenfean begjinne oan de iene kant, dy fan Cambuur oan de oare kant. De ferwachting is dat it boek fan septimber ôf te keap is.