Molkkwotum ferdwynt; boeren nimme mear melkkij

Greidbuorkerij
Boeren wreidzje har feebeslach hieltyd mear út. Hjirmei spylje se yn op de ôfskaffing fan it molkkwotum. It tal melkkij groeide ferline jier nei 1,6 miljoen, it heechste tal yn de ôfrûne fyftjin jier. It tal kealtsjes en pinken groeide noch folle mear, dêr binne no 1,3 miljoen fan. It molkkwotum is 30 jier lyn ynfierd om in oerskot foar te kommen. Omdat der no mear fraach is nei molke is de maatregel net mear nedich. It molkkwotum ferdwynt mei yngong fan 1 april dit jier.