Oenema njoggende op 500 meter by wrâldbeker, Boer alfde

Thijsje Oenema is sneon njoggende wurden op de earste 500 meter by de wrâldbekerwedstriden sprint yn Thialf. De rydster fan De Jouwer sette de tiid stil op 38,49 en wie dêrmei de bêste Nederlânse. De winst op de 500 meter gong nei Heather Richarson, freondinne fan Jorrit Bergsma, dy't in winnende tiid fan 37.82 klokte. Dêrmei bleau de Amerikaanse as ienige ûnder de 38 sekonden. It twadde plak wie foar de Japanse Nao Kodaira. Brittany Bowe út Amearika einige as tredde.
Margot Boer fan Goaiïngaryp waard mei 38,64 teloarstellend alfde.
Boer stiet yn it wrâldbekerklassemint op it fyfde plak. Sang-Hwa Lee út Súd-Koreä giet oan de lieding, folge troch Kodaira en Richardson.