File by knooppunt Hearrenfean nei oanriding

Troch de oanriding ûntstie der in file by it Hearrenfean © Twitter.com
Troch in oanriding tusken twa auto's op de A7 by It Hearrenfean is sneontemiddei ien rydstrook ôfsletten foar it ferkear. Dêrtroch stiet der sneontemiddei in file fan twa kilometer stilsteand ferkear tusken Tsjalbert en knooppunt It Hearrenfean.
Mei de minsken út de twa auto's giet it nei omstannichheden goed. Se hawwe gjin earnstich letsel.