Psy-Fi docht lûdstest mei striepakken

Tinten fan Psy-Fi gongers yn de Griene Stjer © Omrop Fryslân, Alle Faber
De organisatoaren fan it Psy-Fi festival yn Ljouwert sille sneon yn Ketlik in test hâlde mei in lûdswâl fan striepakken. It festival luts it ôfrûne jier in soad besikers nei rekreaasjegebiet De Griene Stjer yn Ljouwert. Omwenners hiene lykwols in soad klachten oer de lege lûdstoanen, dy't yn de fiere omkriten te hearren wiene. Psy-Fi sil dêrom no ûndersykje oft de toanen mei striepakken tsjinhâlden wurde kinne.
Mei 25 meter brede en 6 meter hege pakken wurdt in grutte sirkel makke, mei fan binnen in lûdsynstallaasje.