Ireen Wüst en Team Continu útinoar

Reedrydster Ireen Wüst hâldt nei dit seizoen op by Team Continu. It is in sportive kar, seit Wüst. It opsizzen fan de gearwurking komt al nei ien seizoen ûnder coach Marianne Timmer en Gianni Romme. Wüst hat foar de kommende trije jier har sportive doelen bepaald en dêryn kin Team Continu har net genôch stypje tinkt se. Under oare it no net traine kinne mei manlike sporters is in wichtige reden om in oar team te sykjen, seit se.
Romme seit it spitich te finen dat Wüst no al de kar makke hat om de gearwurking te beëinigjen. Ek neamt er it tiidstip, flak foar de grutte kampioenskippen, ûngelokkich. Wol wurdearret hy har earlikheid. Op freedtemiddei om healwei ienen is der in spesjale parsekonferinsje oer it beslút fan Ireen Wüst.