Fytster swierferwûne nei botsing op De Jouwer

© ANP
In 59-jierrige frou út gemeente De Fryske Marren is tiisdeitemiddei swierferwûne rekke by in ûngelok op de krusing fan de Geert Knolwei en de Iepensteinleane op De Jouwer. De frou kaam op 'e fyts yn botsing mei in 79-jierrige automobiliste fan De Jouwer. It slachtoffer gong ûnderút en rûn dêrby ûnder oare ferwûnings op oan har holle. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.