Gaslekkaazje by soarchsintrum Talma Hoeve yn Feanwâlden

Talma Hoeve yn Feanwâlden © Omrop Fryslân, Alle Faber
Yn soarchsintrum Talma Hoeve yn Feanwâlden is tiisdei in krisiteam ynsteld nei in lekkende gaslieding. Om goed tsien oere tiisdeitemoarn waard de lekkaazje ûnder de flier fan de keuken ûntdekt. De oarsaak is korroazje troch in lekkende wetterôffier.
De gaslieding is fuortdalik ôfsletten, it krisiteam is ynsteld, bedriuwshelpferliening is op de hichte brocht en der is in smook- en iepen fjoerferbod ynsteld. Evakuaasje fan minsken wie net nedich. De ferwachting is dat tiisdeitemiddei de gaslieding ferfongen wurdt.
De kommende perioade sille geregeld kontrôles útfierd wurde op de gasliedings.