Omwenners timmerfabryk De Gordyk benaud foar sloop

Omwenners fan timmerfabryk De Vries Kozijnen op De Gordyk meitsje har soargen oer de mooglike sloop fan it timmerfabryk. It bedriuw gie twa jier lyn fallyt en der is noch altyd gjin nije brûker fûn foar it gebou. De eigener, projektûntwikkeler Merin, soe no plannen ha it grutste part fan it kompleks te slopen.
Dit plan is lykwols net mei omwenners oerlein. De buorlju ha dêrom no it inisjatyf naam om in kearngroep te foarmjen dy't de finger oan de plos hâlde sil by de ûntwikkelings.