Kringloop It Lichtpunt is fernielings sêd

Fernielings by de kringlooploads fan It Lichtpunt yn Kollumersweach ha de frijwilligersorganisaasje tûzenen euro's koste. Al mear as in jier ha se lêst fan fernielings en oerlêst troch drugsferslaafden. Ruten waarden mei in buks besketten of ynslein, in balustrade waard fernield en de lampen stikken makke.
Der is al 15 kear oanjefte dien by de plysje en de skea wurdt rûsd op sa'n 6000 euro. It bestjoer hat de gemeente no frege mei te tinken oer oplossings foar it probleem. Foar eigen rekken lit it bestjoer no stekken om de loads pleatse.