Follybalfroulju Snits winne ienfâldich fan Zwolle

Follybal Snits © awfoto.nl
De follybalfroulju fan Snits pakten snein in ienfâldige 3-0 oerwinning op Zwolle. Yn Zwolle pakten de Snitser froulju de earste set mei 25-18. Ek de twadde set gong ienfâldich mei 25-16 nei de ploech fan trainster Petra Groenland. Yn de tredde en lêste set makken de Snitser froulju dien wurk mei in 25-20 winst. Snits bliuwt koprinner yn de earedivyzje.