Omrop TIP: Oare Eagen oer relaasjes

Trouwe, is dat noch wol fan dizze tiid en kinne je echte leafde fine op it ynternet? Hoe sjogge de ferskillende generaasjes nei relaasjes? Wie it eartiids hiel oars as no?
Yn it nije programma Oare Eagen nimme jongerein en âlderein earne yn Fryslân plak op de diskusjebank en jouwe se harren miening oer ferskate tema’s. De earste kear oer relaasjes. Tinke jongelju echt oars as âldelju oer relaasjes of binne dy ferskillen eins net sa grut? It programma is te sjen fan moandei oant en mei freed om 16.50 oere op Omrop Fryslân Televyzje.
‘Nei in pear moannen al tegearre wenje is hiel normaal’ is ien fan de stellingen fan dizze ôflevering. Wat is dyn miening dêr eins oer? Gean nei de Facebookpagina fan Redaksje Omrop Fryslân en jou dyn miening!