Addy de Jongh oandien troch fallisemint Aqua Zoo

Ottersaakkundige Addy de Jongh is oandien troch it nijs dat Aqua Zoo moandei fallyt ferklearre is. De Jongh is krekt werom út Iran, dêr't er ûndersyk die nei otters. It nijs kaam dan ek as in kâlde dûs.De Jongh wie fan it begjin ôf oan belutsen by it otterpark yn Ljouwert. Yn 1985 sette De Jongh mei kollega's it plan op om in otterpark op te setten yn Fryslân. Yn 1994 gie foar it earst de doar fan it park iepen dat de namme Aqua Lutra krige.
Yn 2001 ferkochten de inisjatyfnimmers it park en krige it in mear toeristyske bestimming.
De Jongh jout oan dat der te praten falt mei de inisjafyfnimmers fan de earste oere as dat nedich wêze is. "Dit park moat foar Fryslân en Ljouwert behâlden wurde", seit De Jongh mei klam.