Lintsje foar frou Van der Stouwe yn Eastersee

Lintsje © ANP
De 61-jierrige Blijke van der Stouwe-de Jong fan Eastersee hat snein in keninklike ûnderskieding krigen foar har frijwilligerswurk yn it doarp. Boargemaster Arie Aalberts fan De Fryske Marren spjelde har it lintsje op by de tsjerketsjinst yn Ychten. Van der Stouwe is al goed 27 jier warber foar de tsjerke. Se wie njoggen jier lang koster en letter ek rintmaster.
Boppedat die se de administraasje en de kollektes fan de tsjerke.