Marrit Leenstra meldt har ôf foar 3000 meter

Marrit Leenstra © ANP
Marrit Leenstra hat har weromlutsen op de 3 kilometer by de seleksjewedstriden yn Thialf. Op dizze seleksjewedstriid koe se noch kâns meitsje op in ticket foar it WK ôfstannen en de wrâldbekerwedstriden yn Hamar. De rydster fan Wikel ferwachtet lykwols net dat dat slagje sil. Mei dit beslút kin se ek in streek sette troch har doel om by it WK allround yn Calgary oan de start te stean.
Allinnich as Leenstra der sneon yn slagge wie om in ticket foar Hamar te pakken, hie se by dy wrâldbekerwedstriid noch besykje kinnen in ticket foar Calgary te bemachtigjen. De Wikelse slagge der freed wol yn har te kwalifisearjen foar de 1500 meter op it WK ôfstannen.